Leden Bernlef ferbetterje harren Frysk

25 Febrewaris 2018

De leden fan F.F.J. Bernlef, de Fryske studinteferiening yn Grins, binne drok dwaande om harren memmetaal noch better yn ’e macht te krijen.

Under lieding fan twa leden dy’t tige goed binne yn it Frysk krije se les yn de Fryske taal. Yn acht lessen wurdt sa goed mooglik ferskate ûnderdielen fan de Fryske taal bylâns gien. Sa krije de leden bygelyks les yn stavering en tiidwurden, mar der wurdt ek sjoen nei de ferskate dialekten dy’t der yn Fryslân binne en de skiednis fan de Fryske taal. Dat is wichtich, want, sa seit de foarsitter: “Sûnder in goede behearsking fan de Fryske taal ferlieze wy de bining mei ús memmetaal en krekt de memmetaal is in grut part fan ús identiteit en dêrmei in grut part fan wat ús bynt.” Om ek net-leden fan Bernlef yn ’e kunde komme te litten mei de Fryske taal, is de Fryske les fan 1 maart tagonklik foar alle studinten yn Grins. Om 20:00 set de Fryske les útein op ‘de Pizel’ oan de Tuinstraat 22 yn Grins.

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.