F.F.J. Bernlefs lustrumlikeur ‘Skroevedraaier’ bottele yn Boalsert

9 Oktober 2019

Yn gearwurking mei de Boalserter distillearderij de Stiekeme Stoker hat studinteferiening F.F.J. Bernlef op 4 oktober 2019 har eigen lustrumlikeur bottele. Ta eare fan it 19e lustrum fan de feriening is de drank ûntwurpen en bottele, en dêrneist wurde der troch it kommende jier tal fan oare ludike en feestlike aktiviteiten organisearre. It lustrumslokje is in echte Fryske amandellikeur, dat ‘Skroevedraaier’ hjit, passend by it tema fan it lustrum ‘Ut ‘e Skroeven’.

De middei begûn by de Stiekeme Stoker yn Boalsert, doe Wiepie Oenema de leden fan Bernlef fertelde oer syn stokerij en syn dranken. Dêrnei wie de ear oan Piter Wilkens om de earste flesse te botteljen en dêrnei te sinjearjen, sadat dy flesse letter dit jier foar it goede doel feild wurde kin troch it bestjoer fan de Bazes, in studinte-organisaasje dy’t ferskate aktiviteiten organisearret om jild op te heljen foar in goed doel. De feestlike dei waard muzikaal omlijst troch Wilkens, ûnder it genot fan it gloednije drankje en in pear hearlike hapkes koe eltsenien genietsje fan de muzyk.

De earste flessen Skroevedraaier binne doe op ludike wize nei Grins ta brocht, nammentlik troch in fytstocht fan 95 kilometer yn estafettefoarm. Fjouwer koppels hawwe elts 23 kilometer fytst, wêrnei’t se entûsjast ûntfangen waarden troch de rest fan de leden op de sosjéteit. Einliks koe der dan ek op de sosjéteit proast wurde mei de lustrumdrank.

Oankommend jier binne de flessen Skroevedraaier eksklusyf te krijen by F.F.J. Bernlef op sosjéteit de Pizel, oan de Túnstrjitte 22 yn Grins.

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.