De lustrumreuny sil op sneon 24 maaie plakfine. Hjir komme we graach mei safolle mooglik leden en âld-leden gear om inoar te moetsjen, heugenissen op te heljen en der mei ús allen in moaie middei fan te meitsjen.
Program:
Tuskentroch is der alle tiid foar elkenien om smûk by te praten, ûnder it genot fan livemuzyk. Dizze livemuzyk sil bestean út ús eigen lustrumalbum! Oerdeis, ûnder de reüny is der alle plak en tiid om te sjen hoe't de soas der tsjintwurdich by leit. Sa as jo sjen kinne, wurdt der gjin jûnsiten fersoarge by de reüny. Wat dat oanbelanget riede wy jo oan om te reservearjen by in restaurant yn Grins, mei de minsken dêr't jo it leafste mei byprate wolle.
De reüny sil plakhawwe op it skoalplein fan de skoalle oan de Agricolastrjitte. Dat sit oan de strjitte achter it pân fan de feriening, de Pizel, en is berikber fia de Mussengang.
Foar âld-leden:
Fansels wolle we wol foar eltsenien in hapke en drankje regelje dus om in idee te hawwen fan animo, freegje we jim om dizze ynteresselist yn te follen at we jo ferwachtsje kinne 24 maaie, dat makket it foar ús makliker om alles goed te organisearjen en om jim op de hichte te hâlden. Graach ynfolle!
2015 © FFJ Bernlef