de Pizel

Kei-wike freed: End of the Road

16 Augustus 2019 13:00:00

Op de lêste dei kinsto lekker útbrakke by de fergees Fryske lunsj om 13 oere. Foar in bliuwend oantinken oan in fantastyske wike by Bernlef kinst foar €1 dyn eigen unike shotgleske fersiere. Dus lit tusken 15 en 17 oere dyn kreativiteit frij. It jûnsiten sil ek dizze jûn wer klearstean om 17 oere. Mar dizze jûn meitsje wy it allegear ekstra spesjaal: it wurdt in wier dinerkonsert! We sille nammentlik genietsje fan in miel wylst we nei de hearlike klanken fan Piter Wilkens lüsterje. Leden kinne harren foar it iten wer ynskriuwe fia de side. Asto noch net lid bist, kinst dy opjaan troch in berjochtsje te stjoeren nei 06-16689400 of 06-42009462 foar 15 oere middeis. Nei 20 oere sille wy it iten wer oprêde, mar sil it feestje ûnder begelieding fan Piter Wilkens trochsette oant yn de lette oerkes. 

Tútsje fan FJK1 'It paad bjuster'


 Ook op de laatste dag kun je uitbrakken bij de gratis Friese lunch om 13 uur. Voor een blijvende herinnering kan je voor €1 je eigen unieke shotglaasje versieren. Dus laat tussen 15 en 17 uur je creativiteit in de vrije loop. Het avondeten zal ook deze avond klaarstaan om 17 uur. Maar deze avond maken we dit allemaal extra speciaal: het wordt een waar dinerconcert. We zullen namelijk genieten van een maaltijd terwijl we naar de heerlijke klanken van Piter Wilkens kunnen luisteren. Leden kunnen zich hiervoor inschrijven via de site. Als je nog niet lid bent, kun je je opgeven door een berichtje te sturen naar 06-16689400 of 06-42009462 voor 15 uur 's middags. Na 20 uur zullen we het eten weer opruimen, maar zal het feestje onder begeleiding van Piter Wilkens doorgezet worden tot in de late uurtjes. 

Kusje van FJK1 'It paad bjuster'

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.

Ynskriuwingen

Do moast ynlogge om dy yn te skriuwen.